Hendrik Antoon Lorentz (Arnhim, 18 july 1853 - Haarlim, 4 febrewaris 1928) wie in Nederlânsk natuerkundige dy't yn 1877 heechlearaar waard yn de teoretyske natuerkunde yn Leien. Hendrik Lorents hie in grut oandiel yn de opbou fan de natuerkunde. Yn 1902 krige er, tegearre mei professor Pieter Zeeman, de Nobelpriis foar de Natuerkunde foar harren ûndersyk nei de ynfloed fan magnetisme op spektraallinen: it zeemaneffekt. Lorentz die foaral teoretysk ûndersyk nei de elektromagnetyske eigenskippen fan matearje: syn elektroneteory. Hy kaam ta de ûnderstelling dat de ôfmjitting fan foarwerpen beynfloede wurdt troch harren faasje (de lorentzkontraksje) lykas ek harren massa. Ek naam er oan dat de ljochtsnelheid de heechst mooglike faasje is. Dêrmei lei hy de basis foar de spesjale relativiteitsteory fan Albert Einstein. Lorentz wie de nestor fan de natuerkundigen yn syn tiid: Einstein seach by him op. De lorentzkrêft op in stroomfierende tried of lieder yn in magneetfjild is nei him ferneamd, lykas ûnder mear de lorentztransformaasje út de spesjale relativiteitsteory, de Lorentz-Lorenz-ferliking foar de brekkingsyndeks en de lorentzferdieling út de statistyk.
Developed by StudentB